De Wâlden

Ut Unsyklopedy
Gean nei: navigaasje, sykje
No sa! Dêr lizze De Wâlden sawathinne.

De Wâlden is in gea yn Fryslân mei in grut ferskaat oan kulturen en bysûnder om syn evolusjonêre skaaimerken. Presidint Durk Snoad fan Fryslân is hikke en tein yn De Wâlden.

Gebiet

De Wâlden is neat oars as de gemeente Unbidich-Grut-Drachten en Grinslân mei de Ommelannen fan Emden.

Yn Grinslân binne de karakteristike beamwâlen platbaarnd nei it belis fan Abe Typstra.

Demografy

Stamheit fan de Wâldsjers, in teken fan de bysûndere evolusjonêre skaaimerken dy't de Wâldpiken yn harren genen hawwe.

De ynwenners fan De Wâlden wurde Wâldsjers (ek Wâldpiken) neamd. De Wâldsjers binne in famylje yn it skift fan de Friezen. De skaaien dy't ûnder de famylje fan de Wâldsjers falle hawwe bysûndere evolusjonêre skaaimerken. De evolúsje ûntjout him yn in krekt tsjinoerstelde rjochting wêrtroch de Wâldsjers foar bûtensteanders frijwat primityf lykje.

De famylje is ûnder te ferdielen yn de neikommende skaaien:

  • De Bûkemannen (Ik stek dy lek bûke!) binne it meast agressive skaai yn de famylje fan de Wâldsjers. Mei in krusing fan de Sharia en it Aldfrysk rjocht hâlde hju harsels oan eigenmakke regels dy't it mienskipslibben fan de Wâldsjers regelje.
  • De Harrekiten komme út de stedsteat De Harkema. Hju beune omraak en wegerje belesting te beteljen oan presidint Durk Snoad fan Grut-Fryslân.
  • De Hûnekoppen binne in bysûnder muzikaal skaai en jouwe, oars as de Bûkemannen, wat ferdivedaasje yn de ferfeelsume spitketen.

Sabeare kulturele saken

De omkearde evolúsje kriget ek syn beslach yn de saneamde kultuer fan de bûkemannen. Faak rinne hju mei de herder yn 'e bûse dy't se brûke foar it skiepskearjen. Folkssporten yn De Wâlden binne it saneamde messestekken, belesting ûntdûke en de autosport.

It 'Letterwûnder fan Durk Tabak' wie in besykjen om de saneamde simpelsma's fan De Wâlden it geef Frysk by te bringen. It grutste sukses wie de erkenning fan de taal fan de Wâldpiken as Standertfrysk.