Grinslân

Ut Unsyklopedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Grinslân is in gebietsje dat ûnderdiel is fan De Wâlden dêr't nei de striid fan de Appingedamsters en it diktatoriaal bewâld fan de stêd Grins de beamwâlen fuortreage binne. It gebiet is foaral goed om syn gas en dong. Haadstêd fan Grinslân is Skiermûntseach.

Etymology[bewurkje]

De namme Grinslân komt fan 'grins'; in swette tusken twa gebieten. Dy swette soe mooglik yn de stêd Grins lizze kinne, dat fanâlds in grinsplak is tusken it gebiet fan de Friezen yn it noarden en Dútske flechtlingen yn it suden.

Kultuer[bewurkje]

Yn Grinslân prate se it Wâldfrysk yn it westen en it Eastfrysk Plat yn it easten. It grutste part yn it noarden en westen fan Grinslân is oarspronklik fan Friezen bewenne, it súdlike part is Saksysk/Dútsk. Soks jout by de bewenners frijwat betizing oer harren identiteit en kulturele eftergrûn. Der hearsket dan ek in grutte identiteitskrisis ûnder de befolking.