Unsyklopedy:Skriuw mar mei

Ut Unsyklopedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Skriuw mar mei? Jawis!
Op de Fryske Wikipedy stiet generale ynformaasje oer it skriuwen yn Wiky-styl. Wat de opbou oanbelanget is de Unsyklopedy net folle oars as de Wikipedy.

Wat sil dit?!
Unsyklopedy is in unyk projekt dat wol fan de grûn kaam is mar úteinlik gjin doel tsjinnet. It is folslein om 'e nocht en docht gjin fertuten. De satiryske stikken binne gauris humoristysk en om't de wierheid in skel lûd hat kin de ûnsyklopedy wolris wat mankelyk wurkje.

Unsyklopedy en Wikipedy?
It is net nuver dat de Unsyklopedy in bytsje op de Wikipedy liket, it is ommers in parody dêrfan. Unsyklopedy is in besykjen om yn de styl fan Wikipedy grappige siden skriuwe te kinnen.